De VVD-fraksje yn De Fryske Marren stipet it plan foar in jongereinwenfoarm yn de eardere basisskoalle De Beuk yn St. Nyk. Foar de âld-skoalle wurdt in nije ynfulling socht. Ien fan dy plannen is om der in wenfoarm foar jongeren mei in beheining fan te meitsjen. In plan dat riedsleden Ivo de Wolff en Albert van Keimpema wol oanlokket.
It plan foar in jongereinwenfoarm komt fan de famyljes Feenstra en Bax. Sy wolle sa'n tsien wenten meitsje yn it gebou dat eigendom is fan de gemeente. De Fryske Marren docht ûndersyk nei ferskate ideeën foar de ynfulling fan de skoalle. Sa wurdt der bygelyks sjoen nei it realisearjen fan boukavels op dit plak. Neffens De Wolff en Van Keimpema moat de gemeente net sjen nei de finansjeel meast oanloklike opsje, mar nei it meast sosjale en duorsume plan. Dat is neffens beide riedsleden sa'n wenfoarm.